Wolkom
Op dizze webstek fine jo ynformaasje oer it projekt Fryske
Modernen. Klik op skriuwers om derefter te kommen hokker skriuwers
meidogge oan it projekt en op begelieders om te sjen wa’t hokker
skriuwer begelaat. Under foarmjouwers fine jo ynformaasje oer de foarmjouwers
dy’t oan it projekt meidogge.
En fierder
Fryske Modernen is in literêr projekt dat opset
is om it skriuwen fan modern Frysk proaza troch nije literêre skriuwers
te stimulearjen om sa it oanbod fan Frysktalich proaza te fergrutsjen.
Dy stimulâns bestiet ûnder oaren út
finansjele stipe en skriuwbegelieding. De skriuwers kinne in berop dwaan
op de debutanteregeling fan it Fonds voor de Letteren. Dy debutanteregeling
bestiet út in wurkbeurs. Om yn ’e beneaming te kommen foar dy regeling
moat de skriuwer ien boek publisearre hawwe. Dat kin gean om in berneboek,
in dichtbondel of om proaza (ferhalebondel, roman).
Fierder krije de dielnimmende skriuwers skriuwbegelieding.
De begelieder wurdt yn oerlis mei de skriuwer oansteld. It doel fan de
skriuwbegelieding is fansels it ferheegjen fan de kwaliteit fan it wurk.
It projekt rjochtet him neist proaza foar folwoeksenen ek op proaza foar
bern. It is de bedoeling dat binnen it projekt 3 berneboeken útkomme en
6 titels foar folwoeksenen, en dan benammen foar lêzers tusken de 16 en
40 jier.
Fryske Modernen is in inisjatyf fan: Friese Pers Boekerij,
Afûk/Utjouwerij Fryslân, de Koperative Utjouwerij, Stichting
It Fryske Boek en It Skriuwersboun. It tal útjouwerijen dat meidwaan
kin oant it projekt stiet net fêst. Oare útjouwerijen binne
dus wolkom!
Mear witte?
Stjoer in mail nei: m.vellinga@afuk.nl
Fryske Modernen wurdt mei mooglik makke troch:
Fonds voor de Letteren
Provinsje Fryslân
Nederlands Productie- en Vertalingenfonds.
|