Mear witte

Boekgegevens

Eelkje Tuma, Paadwizer, Utjouwerij Fryslan / Afûk, Ljouwert
Omfang: 230 siden,
omslach: Jelle Post
ISBN: 978-90-78559-25-2; ferkeappriis: € 17,50

Eelkje Tuma

Eelkje Tuma is berne yn 1966 yn Ie. Op har njoggentjinde ferhuze se nei Amsterdam, dêr’t se kulturele antropology oan ’e Vrije Universiteit studearre. Har ôfstudearskripsje hie de Noardsweedske begraffenisgebrûken as ûnderwerp. Sûnt 1992 wennet se yn Noard-Sweden. Yn 1996 debutearre se mei de roman Leafste lea útjûn troch de Koperative Utjowerij.

Eelkje Tuma hat yn 2004 in wurkbeurs krigen fan it Fonds voor de Letteren foar it skriuwen fan in roman mei de wurktitel Paadwizer. De roman is yn juny 2009 ferskynd. Se hat dêrby skriuwbegelieding krigen fan Piter Boersma.


Oer it boek

Sjoernaliste en oersetster Marike wol in feroaring yn har libben oanbringe. Se wol brekke mei in âld patroan. Om hielendal los te kommen fan har âlde libben giet se nei Noard-Sweden om dêr op besite te gean by Linn Mattson, in Sweedske skriuwster dêr’t sy in boek fan oersette sil. De besite wurdt in syktocht. In syktocht nei de skriuwster Lena, mar benammen ek in syktocht nei en in konfrontaasje mei harsels…

Tekstfragmint:
Se kaam troch in útstoarn doarpke. De ûnbewenne hûzen stiene tryst tusken de beammen. Beferzen oerbliuwsels út in bettere tiid. Snieheuvels oan beide kanten fan de dyk. Al minstens in heal oere net in auto tsjinkommen. Marike siet achter it stjoer fan de reade Passaat Volkswein. It wie sa´n moderne hierauto mei allegear finesses. Knoppen en ljochtsjes dêr´t se net heal oan doarde te kommen. De wei nei it noarden. Fan Pajala nei Kiruna. De sinne skynde. Op dizze yn en yn wite wrâld. Sa skerp en ljocht. It die har sear oan de eagen. De himel wie ljochtblau mei in pears-rôze gloede oan de hoarizon. Se fûn it moai. En dea-iensum tagelyk. Se stoppe om te pisjen en die de doar fan de auto iepen. In bitende kjeld kaam har temjitte. De binnenkant fan de noas die sear doe´t se sykhelle. Se liet de motor rinne, pisse daliks neist de doar en gie doe gau wer yn de auto. Se kontrolearre de thermometer dy´t de bûtentemperatúr oanjoech. ”-37°C”. Se wie Linn Matsson wer mis rûn. Doe´t se justermoarn út tsjerke kommen wie, en neidat se mei Nelly praat hie, wie se nochris rjochting it âlderlike hûs rûn. Doe´t se de strjitte yn kaam, ried de blauwe Volvo krekt fuort. De skriuwster siet achter it stjoer, foar safier at se it sjen kinnen hie teminsten. It wie in frou mei koart swart hier, in jier as tritich. Presys as op de foto dy´t op de achterkant fan it boek stie, it iennichste byld dat se fan de Linn Matsson hie. Marike miende dat der noch ien achteryn de auto sitten hie, mar se wie der net wis fan. De auto wie har yn in flits foarbyriden. Marike hie ferwoest weaud om de oandacht te lûken en de auto ta stopjen te bringen. Mar de skriuwster wie har gewoan foarbyriden. ”Ik hier in auto en dan sil ik nei Kiruna,” hie har impulsive antwurd west, doe´t Elina ´s heit frege wat se no dwaan soe. ”Kinst net better mei de bus gean?” Elina ´s mem seach it net sa sitten. ”Je witte mar noait. Do kinst de omkriten hjir net. It is gefaarlik ast erges fêstrekkest yn de snie of ast pech krijst, foaral wannear´t it tritich graden ûnder nul is, lykas no.” ”Ik ha myn mobyltsje ommers,” hie se lakonyk antwurde. Elina har mem hie de wynbrauwen oplutsen en neat mear sein. Elina hie har oanbean om mei werom te gean nei Luleå. Se wie der wis fan dat Marike by Nils útfanhúzje koe en oars koe se miskien yn de jeugdherberch of in hoteltsje, at se leaver op harsels wêze woe. Yn Luleå wie genôch te sjen en te dwaan, neffens Elina. Mar se hie gjin sin om werom te gean en nochris by it hûs fan de skriuwster oan te beljen. Woe dat mins har net sjen, dan mar net. Sy soe har fakânsje der net troch bedjerre litte. Se hie ek gjin nocht om twa wike yn in stêd om te hingjen. No ´t se dochs ienkear yn de ”Swedish wilderness” wie, sa´t dit gebiet yn de toeristenbrosjures beskreaun stie, dy´t Hylke thús foar har ophelle hie, woe se dy natuer ek wolris sjen en belibje. Dêrom wie se hjir ommers hinne gien. Dat hie se teminsten tsjin Hylke sein. Hy siet har hieltyd yn de holle, se koe der neat oan dwaan. Se miste him. En se hie der spyt fan dat se troch de tillefoan sein hie dat se miskien net byinoar pasten. Hoe hie se sa stom wêze kind? Se koe nei sân jier dochs net samar opbrekke en op ´e nij begjinne? Soms liek it as koe Hylke troch har hinne sjen, har tinzen lêze. Syn stim dy´t sei: ”It is in flecht, Marike.” En syn: ”Dó hast in probleem. Ik net.”
Ut: Paadwizer: s.76-77

Ynterview

Eelkje Tuma en Fryske Modernen:
‘Skriuwe dogge je allinne’

It stimulearjen fan begjinnende skriuwers om Frysktalige romans, ferhalebondels of jeugd-/berneboeken te skriuwen bestiet út in tal komponinten. Alderearst kin de skriuwer fia it projekt yn ’e beneaming komme foar in debutantewurkbeurs fan it Fonds voor de Letteren en him sadwaande in skoftke frijmeitsje foar it skriuwen. Fierder kriget er yntinsive skriuwbegelieding fan in betûft begelieder en wurdt in soad omtinken jûn oan promoasje en publisiteit. Foar de foarmjouwing fan de boeken wurde jonge foarmjouwers frege. Foar de produksje fan it boek wurdt gearwurke mei it Nederlands Literair Produktie- en Vertalingenfonds.
In fraachpetear mei Eelkje Tuma út Sweden fia de e-mail... .

Do dochst mei oan it projekt Fryske Modernen. Hoe bist by dat projekt telâne kommen?
‘Ik krige in brief fan de projektliedster, Mirjam Vellinga, dy’t frege oft ik meidwaan woe. Ik hoegde der net lang oer nei te tinken. Foar my wie it de oantrún dy’t ik nedich hie om wer serieus mei myn skriuwen oan de gong te gean.’

Wat kaam der allegear by te sjen? Koest fuort begjinne te skriuwen of moasten der earst noch oare dingen dien wurde?
‘Earst moasten der ferskillende papieren ynfolle wurde. In formulier mei praktyske dingen lykas namme, adres, nasjonaliteit en soksoarte dingen. Dêrneist moast ik in wurkplan skriuwe. Dêr moast yn stean hokker boek oft ik skriuwe woe, wat oer de tematyk en de haadpersoanen en in koarte synopsis. Mei in oantal eksimplaren fan myn earste boek moast alles dêrnei nei it Fonds voor de Letteren stjoerd wurde foar in beoardieling. Ik bin pas nei it meitsjen fan it wurkplan echt mei it skriuwen begûn.’

Watfoar boek silst skriuwe en hoe fier bist op it stuit?
‘It sil in roman wurde fan sa’n 200 siden, is de bedoeling. Mar ik bin in stadige skriuwster. Eins wie it it doel om it boek yn in jier ôf te skriuwen. Dat is my net slagge. Ik bin miskien op de helte of krekt oer de helte. Dreech om dat presys te sizzen. Ik sil besykje om de twadde helte gauwer ôf te krijen en dat moat neffens my wol slagje. De grutte linen binne ûnderwilens klear. Ik ha it ferhaal yn de holle, de ûntjouwing fan de haadpersoanen ek. No moat it noch útwurke en goed op papier. It boek spilet him ôf yn Sweden. Der binne twa ferhalen dy’t parallel rinne oaninoar. It iene ferhaal giet oer in Frysk-Sweedske oersetster dy’t nei Sweden ta giet om de skriuwster te treffen dêr’t se in boek fan oan it oersetten is. It twadde ferhaal bestiet út stikken fan it boek dat oerset wurdt.’

Hoe giet de gearwurking mei dyn begelieder en mei Mirjam, benammen ek omdatst yn Sweden sitst?
Mei myn begelieder Piter Boersma ha ik kontakt fia e-mail. As ik in langer stik tekst ôf ha, stjoer ik dat nei him ta. Hy lêst it sekuer en nei in skoft stjoert er syn kommentaar wer werom. Dat ferwurkje ik dan of ik hâld it yn de achterholle by it skriuwen. Ik bin net ien dy’t oer alle lytse dinkjes prate wol. Leaver sit ik sels in skoft te tinken en besykje ik in oplossing te finen. Mar soms kinst ek te lang allinne sitte te prakkesearjen. Ik ha in kear hân dat ik fierstente folle en te lang mei details oan de gong wie en op it lêst kaam ik gewoan net fierder.
Mei Mirjam mail ik ek. By har kin ik foaral terjochte mei praktyske fragen. Under it skriuwen fan it wurkplan en letter mei it tuskenrapport foar it Fonds krige ik tips fan har oer hoe’t soks der útsjen moast. Wat my oangiet, befalt it bêst om fia de mail kontakt te hâlden. Skriuwe dogge je allinne. En sa’t ik al sei, bin ik net ien dy’t alle skriuwproblemen daliks mei in oar beprate wol. Ik fyn it ek frij lestich om in tekst, dêr’t ik fan wit dat der noch hiel wat oan dien wurde moat, oan in oar lêze te litten.’

Wannear hopest dat dyn boek ferskine sil en komst dan ek nei Fryslân ta?
‘Ik sil it dizze hjerst/winter ôfskriuwe. Dat is in frij optimistyske tiidsplanning, as ik betink hoefolle oft der noch dien wurde moat. Mar it moat kinne. It soe moai wêze as it yn de hjerst fan 2006 ferskine koe. Dan is it tsien jier lyn dat myn earste boek útkaam. Fansels wol ik yn dy tiid graach nei Fryslân ta komme. Wy reizgje alle jierren mei de húshâlding nei ‘it suden’ en útfanhûzje dan in pear wike yn Ie. Meastal binne wy dêr yn maaie of juny, mar soks is fansels te plannen!’

Fryske Modernen wurdt mei mooglik makke troch:
Fonds voor de Letteren Provinsje Fryslân Nederlands Productie- en Vertalingenfonds.

Fryske Modernen is in inisjatyf fan: Friese Pers Boekerij, Afûk/Utjouwerij Fryslân, de Koperative Utjouwerij, Stichting It Fryske Boek
en It Skriuwersboun. It tal útjouwerijen dat meidwaan kin oant it projekt stiet net fêst. Oare útjouwerijen binne dus wolkom!