Greet Andringa
Greet Andringa is berne yn 1971 en wennet yn Súwâld. Se wurket by de Kuno van Dijkstichting yn Ljouwert en is krekt klear mei har stœdzje Humanistyk. Yn 2003 debutearre sy mei de ferhalebondel Diggels fan Ché útjûn troch de Friese Pers. Se sit yn ’e redaksje fan Hjir en hat yn ’e sjuery fan de Rely Jorritsmapriis sitten. Se hat foar de rige Fryske Modernen har earste roman skreaun mei de titel Libben reach. Liesbeth Brouwer hat dêrby har begeliedster west. Nei it ferstjerren fan Liesbeth hawwe de leden fan de begeliedingskommisje yn ’e mande mei Akky van der Veer dy taak ynearsten oernommen. Foar it skriuwen fan de roman hat Greet in wurkbeurs fan it Fonds voor de Letteren krigen. It boek is yn maart 2008 útkommen by de Friese Pers.
Barbara Jonkers hat it omslach makke.
Oer it boek
Yn Libben reach begiet Geeske, in
jonge frou yn har lilkens in ûngelok oan har eigen dochterke. It
bern rekket dêrby yn koma. Nei dat hast fatale foarfal ûndersiket
Geeske de oarsaak fan har grouwélige died. Se giet werom nei de
boarne en siket it antwurd yn har famylje, yn de trije generaasjes fan
de famylje Wiggersma.
De útsûnderlike libbensferhalen fan pake en beppe en har
neikommelingen foarmje de reade tried yn dit boek. Pake kaam as dwangarbeider
út de oarloch yn Fryslân werom mei in Dútske, jonge
frou, in oarlochswiddo. Dizze minsken geane mei har bern yn de fyftiger
jierren in skoft werom nei wat dan de DDR is, dêr’t se har
sosjalistyske idealen besykje te realisearjen. Dy progressive idealen
binne in reade tried yn it boek: de twadde generaasje fan de famylje Wiggersma
docht mei oan it ferset tsjin de pleatsing fan de kearnwapens.
De jongste generaasje, dêr’t Geeske, har nicht Nynke en de
keunstneresse Elza diel fan út meitsje, liket op it earste gesicht
o sa solidêr mei-inoar. It binne froulju dy’t har eigen talinten
ferwêzentlikje, yn wurk en stúdzje, yn de muzyk en de byldzjende
keunst. Froulju dy’t autonoom kieze foar in oar bestean as de eardere
generaasjes dy’t folle mear fêst sieten yn it stramyn fan
plicht, tradysje en âlderwetske ferwachtingspatroanen. Dizze generaasje
‘frije’ froulju giet op in oare wize mei man, bern en karriêre
om. Alteast: dat tinke se. De suver mearke-achtige yllúzjes oer
hoe’t in ideaal frouljuslibben der eins út heart te sjen,
foarmet it ferstikkende ‘libben reach’ dêr’t hast
alleWiggersmafroulu yn fêst sitte. Net sûnder muoite en pine
raffelet Geeske alle kleverige triedden dy’t har smoare útinoar.
Yllúzjes binne der oan de ein net mear oer. Mar wol is in nij gefoel
fan leafde en frijheid ûntstien, wêrtroch gewelddieden lykas
yn it begjin fan it boek net mear nedich binne.
Sa is in folslein nij leafdesferhaal ûntstien, sfearfol beskreaun
yn in tige fersoarge styl en yn prachtich hjoeddeisk Frysk.
|