Hein Jaap Hilarides
Hein Jaap Hilarides (St. Jabik, 1969) wennet yn Amsterdam. Hy studearre
miljeukunde oan de Agraryske Hegeskoalle yn Ljouwert en Grins, Ingelsk
oan de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden en de Rijksuniversiteit Groningen
en Frysk oan de Universiteit fan Amsterdam.
As skriuwer debutearre er yn 1998 mei gedichten yn Hjir, dêr’t
er in jier letter redaksjelid fan waard. Yn 2000 ferskynde by Utjouwerij
Frysk en Frij syn earste dichtbondel Tersk. Neist gedichten skriuwt er
koarte ferhalen. Guon dêrfan binne yn Hjir en ferhalebondels fan
de Friese Pers Boekerij publisearre.
Mei Tsead Bruinja hat er yn 2004 in blomlêzing útbrocht fan
moderne Fryske poëzij ûnder de titel Droom in blauwe regenjas/Dream
yn blauwe reinjas. Nieuwe Friese dichters/Nije Fryske dichters. De bondel
is útjûn troch Uitgeverij Contact en Utjouwerij Bornmeer.
Begjin njoggentiger jierren makker er diel út fan de Frysktalige
popgroep Wiegels Wjukkelmasine, dêr’t er trije cd’s
mei makke. Hjoed de dei is er aktyf as pianist/sjonger. Yn 2003 kaam Taai
as Bildtse klaai út, in solo-cd mei Bildtstalige boogie woogies.
Op it stuit wurket er oan in roman foar de rige Fryske Modernen mei ynearsten
de wurktitel Raarendt. Dy titel is yntusken feroare yn Joppe. Hein Jaap
hat syn manuskript no foar beoardieling ynlevere by de wurkgroep Fryske
Modernen. It manuskript is yn it foarjier fan 2007 oanbean oan it Nederlands
Literair Produktie- en Vertalingenfonds. Dy titel is yntusken feroare
yn Joppe. Syn roman is no te krijen yn de boekhannels.
It omslach is makke troch Barbara Jonkers.
Oer it boek
Joppe, de debútroman fan Hein Jaap Hilarides ferskynt as diel 2
yn de rige Fryske Modernen.
Joppe bringt syn ferfangende tsjinsttiid troch op it gemeentehûs
yn Raarendt yn Noard-Fryslân as miljeu-amtner. Droechkomysk beskriuwt
Hein Jaap Hilarides yn syn debútroman de sfear op it gemeentehûs,
de kantoarrituelen, papierwinkel en miljeukontrôles, mar fral ek
de erotyk. It frijbliuwende libbentsje fan Joppe krijt ynienen in oare
diminsje as er Terpsi moetet, in politike flechtlinge út Afrika.
|