Mear witte

Janneke Spoelstra

Janneke Spoelstra (1962, Hijum) debutearre yn 2004 mei de dichtbondel Goeie is it wachtwurd. Yn 2000 kaam fan har in Fryske oersetting fan ’e roman Pan fan ’e Noarske skriuwer Knut Hamsun út. Se is redaksjelid fan it Frysk literêr tydskrift Hjir en wie ien fan ’e auteurs fan it Prisma Woordenboek Fries (2007). Jiks, is in jongesachtich famke dat opgroeit yn de lytse mienskip fan Swaard.
Se komt der stadichoan achter dat se is wat de wrâld lesbysk neamt. Hoe giet se dêr dan mei om en hoe giene se dêr earder mooglik mei om?
Yn dit boek steane 19 ferhalen oer de opgroeiende Jiks, de folwoeksen Jiks en oer minsken as Jiks, mar dan yn in histoaryske setting.

In Jikse-libben ferskynt yn de rige Fryske Modernen.

Fragmint út It boek fan In Jikse-libben, út it ferhaal ‘It boek fan Jiks’.

Hoe moat it boek fan Jiks der út sjen? As de skearen foar de kust fan Noarwegen en Sweden, elk ferhaal as in eilân yn it wetter? As de stikken lân fan in gerniersspultsje de ferhalen? As de doarpen yn it lânskip? As de weinen achter de trein, de perseeltsjes yn ´e kleastertún? Elk ferhaal as in reis fan ´e boadetsjinst? As in weach?
In boek as in mingd bosk, in mingd bedriuw? In boek as in twychje oan de beam fan it Frysk of in krûmel fan it lytse stikje taartpunt dat it Frysk is yn ´e taaltaart?
In boek as in spoardok, dêr´t alle âlde rotsoai hinnetôge is, dat Jiks en har maten dan wer brûke kinne? In boek as in trui, in trui fan doarpshûsjern?

Oer it boek

Jiks, is in jongesachtich famke dat opgroeit yn de lytse mienskip fan Swaard.
Se komt der stadichoan achter dat se is wat de wrâld lesbysk neamt.
Hoe giet se dêr dan mei om en hoe giene se dêr earder mooglik mei om?
Yn dit boek steane 19 ferhalen oer de opgroeiende Jiks, de folwoeksen Jiks en oer minsken as Jiks, mar dan yn in histoaryske setting. In Jikse-libben ferskynt yn de rige Fryske Modernen en is útjûn troch Utjouwerij Fryslân. ferkeappriis: €13,50

Fryske Modernen wurdt mei mooglik makke troch:
Fonds voor de Letteren Provinsje Fryslân Nederlands Productie- en Vertalingenfonds.

Fryske Modernen is in inisjatyf fan: Friese Pers Boekerij, Afûk/Utjouwerij Fryslân, de Koperative Utjouwerij, Stichting It Fryske Boek
en It Skriuwersboun. It tal útjouwerijen dat meidwaan kin oant it projekt stiet net fêst. Oare útjouwerijen binne dus wolkom!