Mear witte

Nyk de Vries

Nyk de Vries is berne yn 1971 en wennet yn Grins. Hy debutearre yn 2000 by útjouwerij Frysk en Frij mei de roman Rezineknyn. Op dat stuit wie er al gjin ûnbekende yn de Fryske literêre wrâld. Tegearre mei syn maat Meindert Talma wie er doe al in skoft dwaand mei harren tydskrift De Blauwe Fedde. De ynterviews út dy tydskriften binne bondele yn De Blauwe Fedde yn petear dat útkaam yn 2001 by de Friese Pers.

Muzyk is ek tige wichtich foar Nyk. Hy wie sjonger fan de gitaarband The Amp en spilet no al wer jierren (mei in koarte tuskenstop) gitaar yn de muzykgroep ‘Meindert Talma and his negroes’. Dat Nyk de Vries net allinnich yn Fryslân opfalt docht wol bliken út it feit dat Rezineknyn yn 2003 yn it Nederlânsk ferskynd is by Uitgeverij Passage.
Nyk de Vries skriuwt net allinnich romans mar ek gedichten, ferhalen en lietteksten.
Binnen it projekt Fryske Modernen hat Nyk de Vries syn 2e roman skreaun: Prospero. In lytse simmerskiednis. It boek is op 26 maart 2006 oanbean en is yn alle Fryske boekhannels te keap foar € 15,-. Sjoch foar ynformaasje oer it boek en de resinsje hjirûnder.

Oer Prospero
Wat moat ik oan mei myn fierdere libben? Dy fraach spilet de jonge muzikant Marco Vandaan hieltyd troch de holle. Syn karriêre is op ’e non rûn, de ferkearing is út. Hy siket in útflecht yn ’e Spaanse heechlannen by Prospero, in wetterkundich projekt dat wurk biedt oan in ploech studinten en oar jongfolk. Marco giet folslein op yn ’e ploech mei syn yntriizjes en leafdesperikelen, en it wurk yn ’e smoarende hite. Hjir wurdt him sa’t it liket in kâns bean om oan syn deistige omstannichheden te ûntkommen.

Fragmint út de tekst:
‘It gong allegear dat it slydjage. Oardel wike letter wie de saak foarinoar en nei inkeld in medise keuring en in ynstruksjemiddei, mei Ruud en in man yn in glânzjende wite blûze, makke ik my healwei juny klear foar de ôfreis. Ik wie fan doel om mei in pear freonen noch ergens ôf te praten, mar op ’e iene of oare manier kaam it der net fan. In dei tefoaren krige ik noch al in tillefoantsje fan Gabi. Se winske my in goeie reis ta. Dat wie aardich en har soargen wienen ek wol terjochte, want mei alle stops derby soe de busreis mear as 28 oeren duorje.’ Klik hjir foar in langer fragmint sa't dat publisearre waard yn 'de Moanne'.

Op 26 maart 2006 wie de presintaasje fan Prospero fan Nyk de Vries, it earste boek yn ‘e rige Fryske Modernen. It wie tige gesellich en de seal siet moai fol. Hjirûnder in tal foto’s dy’t op dy middei makke binne.

Nyk de Vries en Hein Jaap Hilarides spylje it Fryske Modernen-liet.

Nyk de Vries lêst foar út Prospero.

Nyk de Vries krijt imerkes fan Jelma Knol.

Meindert Talma sjongt en spilet.

De presintators Mirjam Vellinga en Piter Boersma.

Fryske Modernen wurdt mei mooglik makke troch:
Fonds voor de Letteren Provinsje Fryslân Nederlands Productie- en Vertalingenfonds.

Fryske Modernen is in inisjatyf fan: Friese Pers Boekerij, Afûk/Utjouwerij Fryslân, de Koperative Utjouwerij, Stichting It Fryske Boek
en It Skriuwersboun. It tal útjouwerijen dat meidwaan kin oant it projekt stiet net fêst. Oare útjouwerijen binne dus wolkom!